Springe nei ynhâld

Sersjant-ynstrukteur

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Drill sergeant)
In sersjant-ynstrukteur fan it Amerikaanske Marinierskorps makket in rekrút opmerksum op in flater.

In sersjant-ynstrukteur (ek wol bekend ûnder de Ingelske term drill sergeant) is in ûnderofsier yn 'e striidkrêften, dy't as spesifike funksje it ûnderrjocht fan 'e rekruten hat. It is de taak fan sokke ynstrukteurs om nije soldaten de gewoanten en praktiken fan it militêre libben oan te learen, lykas militêre dissipline, hoe't en wannear't men acht jaan en saluëarje moat en de juste wize om in ofsier oan te sprekken.

Ynstruksje troch in sersjant-ynstrukteur giet der faak net botte sêftsinnich oan ta, hoewol't der ek gjin fysyk geweld oan te pas komt. Der wurdt lykwols hiel wat ôfsnaud en -raasd, en de rekruten wurde faak fan begjin ôf oan yntimidearre. It tinken is dat militêre dissipline en yn 't bysûnder de reewilligens om daliks elts wettich befel op te folgjen dat jûn wurdt troch in militêr fan hegere rang, der by nije soldaten mentaal ynstampt wurde moat, om't soks in ûnmisber ûnderdiel is fan it goed funksjonearjen fan eltse kriichsmacht.

Itselde jildt foar militêre oefenings op it mêd fan bewapene sawol as ûnbewapene gefjochtstrening, dêr't sersjants-ynstrukteur faak ek ferantwurdlik foar binne. Dy binne bedoeld om 'e manskippen op it slachfjild yn libben te hâlden trochdat se dogge wat se dwaan moatte (bgl. dekking sykje) sûnder dat se dêr earst noch oer nei hoege te tinken. Troch sokke dingen oan nije soldaten by te bringen, wat oan 'e kant fan dy soldaten faak mank giet mei in soad pine en wurgens, meitsje sersjants-ynstrukteur har oer it algemien net botte populêr by de manskippen.

It personaazje fan 'e bikkelhurde sersjant-ynstrukteur komt geregeldwei foar yn Hollywoodproduksjes. Bekende foarbylden binne akteur Louis Gossett jr. as sersjant-ynstrukteur Emil Foley yn An Officer and a Gentleman, út 1982, mei yn 'e haadrol Richard Gere, en Gregory Hines as sersjant-ynstrukteur Cass yn 'e Renaissance Man, út 1994, mei yn 'e haadrol Danny DeVito. R. Lee Ermey, dy't yn teminsten fiif rollen in sersjant-ynstrukteur spile (wêrûnder sersjant-ynstrukteur Hartman yn Full Metal Jacket, út 1987), wie yn it echte libben fan 1965 oant 1967 ek wier in sersjant-ynstrukteur yn it Amerikaanske Marinierskorps.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.