Springe nei ynhâld

Down Ampney

Ut Wikipedy
Down Ampney
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Offisjele webside
Webside fan Down Ampney

Down Ampney is in middelgrut doarp yn it distrikt Cotswold yn it greefskip Gloucestershire, yn Ingelân.

De Old Vicarage yn Down Ampney wie it berteplak fan Ralph Vaughan Williams yn 1872. Hy hat in melodij komponearre (brûkt foar de hymne "Come Down, O Love Divine") mei de titel "Down Ampney".

Yn de Twadde Wrâldkriich hie de RAF in fleanfjild by it doarp. De tsjerke hat glês-yn-leadruten ta oantins fan de fleanders dy't meidienen oan de Slach by Arnhim yn 1944.

It doarp hat in mear as 150 jier âlde skoalle, sportfjilden, in tennisklup, in doarpshûs, in lytse winkel en in tige âlde tsjerke.