Dover (Ingelân)
Dover | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Greefskip | Kent | |
Distrikt | Dover | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 31.022 (2011) | |
Stêdekloft | 39.078 (2001) | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Dover |
Dover (eartiidsk yn it Nederlânsk: Daveren) is in wichtich fearhavenplak yn Ingelân, yn it greefskip Kent yn de regio Súdeast Ingelân. De stêd leit oan it Nau fan Calais (of Strjitte fan Dover), lykas it eastlik diel fan It Kanaal neamd wurdt. De namme Dover komt fan it rivierke de Dour.
De stêd hat fanâlds fan maritym belang west. Al foar de Romeinen (dy't de stêd Dubris Portus neamden) wie Dover in foar de hân lizzend ynfalsplak, omdat it op mar 34 kilometer fan de Frânske kust leit. Oant 1923 wie Dover in marinebasis; dêrnei waard de haven benammen brûkt foar sivile doeleinen. Der binne fearferbiningen mei ferskate plakken op it fêstelân fan Europa (The Continent): Calais, Dúntsjerk en Boulogne yn Frankryk. Dêrmei waard de stêd de wichtichste haven foar it ferkear oer It Kanaal.
Yn 2011 hat de agglomeraasje Dover sa'n 31.000 ynwenners. Fiskerij, yndustry en benammen it toerisme en de havenaktiviteiten binne de wichtichste boarnen fan ynkomsten.
Dover is ferneamd om de wite krytrotsen fan Dover (de white cliffs of Dover). Ek is der in mânsk kastiel (Dover Castle), mei de resten fan in Romeinske fjoertoer út de 4e iuw. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie de stêd it mikpunt fan swiere bombardeminten.
-
Strân fan Dover
-
Haven fan Dover
-
Dover Castle
-
Krytrotsen by Dover
-
Fearboathaven
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dover fan Wikimedia Commons. |