Springe nei ynhâld

Douwe Kalma Stifting

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Douwe Kalmastifting)
Douwe Kalma Stifting
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
type org. stifting
wurkmêd befoardering fan 'e Fryske kultuer
fêstige yn Jorwert (Fryslân)
oprjochte 1956
offisjele webside
keunstfonds.keunstwurk.nl/node/2297

De Douwe Kalma Stifting is in organisaasje dy't yn 1956 oprjochte waard mei as doel om it Fryske kulturele libben te befoarderjen troch finansjele stipe te jaan oan útjeften yn 'e Fryske taal en op it bredere mêd fan 'e Fryske taalkennis, de Fryske skiednis en de Fryske folksûntwikkeling. Ek wurde wol oarsoartige projekten op it terrein fan 'e Fryske kultuer subsidiëarre, lykas konferinsjes, tentoanstellings en wittenskiplik ûndersyk. De stifting is ferneamd nei de Fryske skriuwer en Shakespeare-oersetter Douwe Kalma (1896-1953).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]