Douwe Kalma Stifting
Appearance
(Trochferwiisd fan Douwe Kalmastichting)
Douwe Kalma Stifting | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | befoardering fan 'e Fryske kultuer | |
fêstige yn | Jorwert (Fryslân) | |
oprjochte | 1956 | |
offisjele webside | ||
keunstfonds.keunstwurk.nl/node/2297 |
De Douwe Kalma Stifting is in organisaasje dy't yn 1956 oprjochte waard mei as doel om it Fryske kulturele libben te befoarderjen troch finansjele stipe te jaan oan útjeften yn 'e Fryske taal en op it bredere mêd fan 'e Fryske taalkennis, de Fryske skiednis en de Fryske folksûntwikkeling. Ek wurde wol oarsoartige projekten op it terrein fan 'e Fryske kultuer subsidiëarre, lykas konferinsjes, tentoanstellings en wittenskiplik ûndersyk. De stifting is ferneamd nei de Fryske skriuwer en Shakespeare-oersetter Douwe Kalma (1896-1953).