Springe nei ynhâld

Douwe Breimer

Ut Wikipedy
D.D. Breimer (Koll. Universiteit Leien)

Douwe Durk Breimer (Aldemardum, 24 novimber 1943) wie fan 1 febrewaris 2001 oant 8 febrewaris 2007 rektor magnifikus fan de Universiteit Leien en fan 1 septimber 2005 oant 8 febrewaris 2007 teffens foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan dizze universiteit.

Breimer is heechlearaar in de farmakology oan de Fakulteit Wiskunde en Natuerwittenskippen en de Fakulteit fan de Genêskunde. Hy studearre farmasy oan de Ryksuniversiteit Grins en promovearre op 1 jannewaris 1974 oan de Katolike Universiteit Nymwegen op it proefskrift Pharmacokinetics of hypnotic drugs. Op 29 oktober 1976 hold Breimer yn Leien syn oraasje, mei as titel Farmacotherapie op maat, motto: sizzen is neat, mar dwaen is in ding. Breimer hat mear as 500 boeken en artikelen op syn namme stean.

In 1983 foarme Breimer de destiidske subfakulteit Farmasy oan de Ryksuniversiteit Leien om ta it Sintrum foar Bio-Farmaseutyske Wittenskippen. Fan 1992 oant 2001 wie hy wittenskiplik direkteur fan de ûndersyksskoalle Leien/Amsterdam Center for Drug Research (LACDR). Sûnt 1987 is hy lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen. Oant ein 2000wie Breimer ficefoarsitter fan de Nederlânske organisaaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO).

Breimer krige earedoktoraten fan de Universiteit fan Gint, de Universiteit fan Uppsala, de Semmelweiss Universiteit yn Boedapest, de Universiteit fan Navarra yn Pamplona, de Hoshi Universiteit yn Tokio, de Universiteit fan Londen en de Universiteit fan Montréal.

Op 8 febrewaris 2005 wie Breimer earepromotor by de ferliening fan it earedoktoraat oan keninginne Beatrix.

Op 2 oktober 2006 krige Breimer út hannen fan de Leiske boargemaster Henri Lenferink de earepenning yn sulver fan de gemeente Leien foar syn ynspanningen om de kleau tusken de gemeente Leien en de universiteit te ferlytsjen en foar syn bydrage yn de tastânkomming fan it Leiensk Bio Science Park.

Professor dr. Douwe Durk Breimer is op 8 febrewaris 2007 as rektor magnifikus en kolleezjefoarsitter opfolge troch Paul van der Heijden, dy't sûnt 2002 rektor magnifikus fan de Universiteit fan Amsterdam wie.