Springe nei ynhâld

Dornier Do X

Ut Wikipedy
Dornier Do X


Rol Ferkearsfleanmasine
Makker Dornier
Untwerper Claude Dornier
Earste flecht 12 july 1929
Yn tsjinst Oktober 1930
Ut tsjinst
Tal makke 3 (1928 - 1931)
Brûker Deutsche Luft Hansa
Dornier Do-X earne boppe de Baltyske see, 1930

De Dornier Do X wie yn 1929 de grutste, swierste en krêftichste fleanboat doe't er út de Dornier-fabryk yn Dútslân rôle. It tastel waard ûntwurpen troch Dr. Claude Dornier, begjinnend yn 1924, waard der 7 jier oan arbeide. Dêrby waard foar it earst gebrûk makke fan in houten model (skaal 1: 1). De bou naam twa jier.

It projekt waard finansiere troch it Dútske Ministearje fan Ferfier. It tastel waard boud yn in spesjale fabryk te Altenrhein, by it Switserke part fan de Mar fan Konstanse om dêrmei it Ferdrach fan Fersailles te omsilen dat Dútslân ferbea on fleanmasines te bouwen nei de Earste Wrâldkriich.

It tastel wie populêr by it publyk, mar hie brek oan kommersjele belangstelling. Trije ûngemakken mei de Do X soargen dat der net mear as trije fan boud binne.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Do X 1a
Feiten
Bemanning   
10-14
Passasjiers   
66
Lingte   
40,10 m
Hichte   
10,10 m
Spanwiidte   
48 m
Wjokoerflak   
450 m²
Oerflak helpwjok (allinne by Siemens-Motoren)   
30,80 m²
Oandriuwing   
12 V-12-Silinder V-1570 Conqueror mei 470 kW it stik (640 hk) yn 6 gondels
Totaal 5640 kW (7680 PS)
Heechste faasje   
210 km/o
Krúsfaasje   
175 km/o
Landingsfaasje   
120 km/o
Brânstofkapasiteit   
23.300 l
Normaal fleanberik   
1.700 km
Maks. fleanberik   
2.300 km
Stiichfaasje   
1.000 m in 14 min.
Fleanplafond   
3.200 m
Leechgewicht   
28.250 kg
Maks. Startgewicht   
52.000 kg

Boeken

  • Jörg-Michael Hormann Flugschiff DO-X, die Chronik, Bielefeld 2006, ISBN 3-7688-1841-1
  • Jörg-Michael Hormann en Reinhard Hofrichter: Ein Schiff fliegt in die Welt, Deutsche Post AG, ISBN 300014367X

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]