Springe nei ynhâld

Doornburgh

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Doornburch)
Doornburgh
Doornburgh
Doornburgh

Doornburgh is in oan de rivier de Fecht lizzende 17e-iuwske bûtenpleats yn it doarp Maarssen. It hûs mei ûnder mear it omlizzende park, de tagongsstekken, in timmermanswenning en in iiskelder is erkend as ryksmonumint.

De Amsterdamske keapman Jan Claes Vlooswijck kocht yn 1623 it stik grûn dêr't no Doornburgh op stiet, wêrnei't Hendrick de Beijer de nije eigener waard en it yn 1653 trochferkocht oan Pieter Brugman ynklysyf de derop steande hofstee. Johan fan Eegeren naam it twa jier letter oer wêrby't wyls sprake wie fan in bûtenpleats.

De Utertske domhear Willem van Zon krige it yn 1684 yn syn besit en hy liet it grif yngreven ferbouwe. Nei it ferrstjerren fan Van Zon naam Abraham van Romswinckel it yn 1718 oer wêrnei't it yn twa Portegeesk-Joadske famylje kaam. It tige kostbere smeiizeren stek oan de Fechtzijde komt út dizze perioade en waard fermoedlik yn 1725 troch de eigener Jacobus de Chaves sette litten. Jan Elias Huydecoper kocht it yn 1772 en oant 1912 soe Doornburgh binnen dizze famylje bliuwe. De oangrinzjende bûtenpleats Goudestein wie yn dizze perioade ek yn harren besit. De grûnen fan Doornburgh waarden dêrby útwreide en begjin 19e iuw lei de lânskipsarsjitekt J.D. Zocher jr. der in bosk en park by oan. De folgjende eigener, Jan Pieter van Voorst tot Beesel, besleat ta in grutte restauraasje, dêrby waard ûnder oarre de yntree feroare en krige it in begjin 18e-iuwske Grinslanner yngongspartij. De souderskildering op doek, earst oanbrocht nei 1920, is fan de hân fan Jan Abel Wassenbergh. Dêrneist joech Van Voorst it in bestimming as museum.

Sûnt 1957 is Doornburgh yn besit fan de Kanunnikessen fan it Hillige Grêf dy't in troch J. de Jong en D. van der Laan ûntwurpen nij kleasterkompleks, Priorij Emmaus, sette lieten op it lângoed.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: