Donkere huningswam
donkere huningswam | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Armillaria ostoyae | ||||||||||||
(Romagn.) Herink 1973 | ||||||||||||
De donkere huningswam (Armillaria ostoyae), ek donkere hunningswam, donkere hunichswam of donkere hunnichswam, is in skimmel út de famylje Physalacriaceae. It is in parasitêre plaatsjesswam mei in ring. Se binne faak yn grutte groepen te sjen by beammen, op stobben en woartels fan leaf- en nullebeammen op sângrûn. As de poddestoel op in beam groeit betsjut dat de dea fan syn gasthear.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoed kriget in trochsnit fan 3 oant 10 sm, faak sels oant 20 sm. By jonge eksimplaren is de hoed healbolfoarmich, letter wurdt dy wulvich oant plat. It oerflak is fleiskleurich oant readbrún en oerdutsen mei donkere, ôf te wriuwen skobkes. De râne is ljochter en kriget letter lytse, ûnregelmjittige groefkes. De wyteftige oant ljochtbrune lamellen binne útprotsjend of rjocht. By de âldere eksimplaren binne se flekkerich readbrún.
De wyteftige stâl is oant 15 sm lang en 2 oant 3 sm yn diameter. As de hoed begjint te iepenjen wurdt de stâl yn 'e lingte triedderich en as se âlder wurde somtiden hol.
It fruchtfleis is wyteftich en it hat in oangename rook. It spoarepoeier is wyt.
Bedriging foar bosken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Switserlân ûntdutsen wittenskippers fan it Federaal Undersyksynstitút foar Wâld, Snie en Lânskip de grutste donkere hunningpoddestoel fan Europa. It mykelium fan 'e poddestoel is mear as 500 m lang en 800 m breed. De sichtbere dielen fan it poddestoellichem hearre ta in grut ûndergrûnsk netwurk fan rizomorfen. It foarmet in bedriging foar it Switserske Nasjonale Park, om 't se dêr de berchdinnen deadzje.
In mykeliumnetwurk fan likernôch 9 km² grut fan 'e donkere hunningswam waard yn it Malheur National Forest yn Oregon fûn. Neffens it hjoeddeiske witten is de poddestoel yn Oregon de grutste fan 'e wrâld en wat oerflak oanbelanget is it ek it grutste libbene organisme op 'e wrâld. Rûsd wurdt dat it organisme likernôch 1.900 oant 8.650 jier âld is.[1]
Ytberens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De donkere hunningswam kin by goede tarieding iten wurde. Net elkenien ferneart de poddestoel. By guon minsken kin it iten grypeftige symtoanen feroarsaakje. Lykas by de gewoane hunningswam makket it rauwe fleis jin mislik. Dêrom moat it teminsten 8 minuten trochsean wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|