Doniastate (Burchwert)
Doniastate, ek: Nij Ockinga stie súd fan de tsjerke fan Burchwert, gemeente Wûnseradiel, oan de "jaachfeart" fan Boalsert nei Ljouwert. Op it âld steed leit no it keatsfjild en de iisbaan; de pleats dy't dêr stiet herinnert noch oan de state.
De âldste fermelding is fan 1424 yn in testamint. De stins waard doe ek al Nij Ockinga neamd: "By der tzercka tho Borghwerth deer van aldis heet tho Doyngha ende nu haet Nye Ockyngha". Wannear't it laach Ockinga him dêr fêstige is net bekend. De âldste Ockinga, dêr't noch wat fan werom te finen is yn Burchwert, wie Lolle. Dy wie troud mei Bauck en se krigen in soan Epe, berne om 1376 yn Burchwert. Dy Epe Ockinga troude mei Trijn Foppinga en krige in soan dy't ek wer Lolle neamd waard. Dy Lolle stoar yn 1466 en waard yn de tsjerke fan Burchwert beïerdige.
Begjin 19e iuw wie it hûs santjin meter breed en tweintich meter djip. Troch de foaryngong kamen besikers yn it porteal mei in keammerke. Oan de rjochterkant wie de doar nei de sliepkeamer. Fierder it hûs yn wie in treppentsje nei de grutte opkeamer, de saneamde "seal". Fierder wie der op de grûnlaach noch in koken en ûnder it hûs wienen twa ferwulfde kelders, dêr't ien fan as bûterkeamer brûkt waard. Mei in treppen kaam men yn de grutte boppekeamer. En dan wie der noch in lytse boppekeamer en in souder. It hûs waard grif allinnich yn de simmermoannen bewenne, omdat de grutte keamers yn de winter min waarm te stoken wiene.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- famylje Ockinga
- 1713 Frou Helena Maria fan Ockinga, widdo fan Jan Hendrix de Wolfs
- 1723 - 1740 Lucia Emerentia fan Burmania, troud mei Hendrik Greve fan Moens
- 1740 - 1752 Hendrik Greve fan Moens, hear fan Ravensberg, fan Cronenburg, fan Loenen, fan Vrijenes, fan Sluipwijk, ensfh.
- 1752 - ± 1787 Gilles Hessels Mesdag en Riemke Coopmans
- ± 1787 Taco Mesdag
- - 1844 Gilles fan Mesdag en Epke Roos fan Mesdag
- 1844 - 1863 Epke Roos fan Mesdag
- 1863 Dirk Tammes de Vries
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |