Dongynjeksje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jarretank mei smelle slûfkoeters
Jarretank mei brede slûfkoeters foar boulân
Skreven mei jarre deryn makke troch slûfkoeters

Dongynjeksje is it bedongjen fan lânbougrûn, it yn de grûn ynjektearjen fan dongjarre. Dêrmei wurdt it útspielen fan dong, it ferflechtigjen fan ammoniak en stankoerlêst tefoaren kaam. It besparret ek wurk, om't it net ûnderwurke hoecht te wurden. Yn Nederlân is it ferbean om jarre boppe de grûn te fersprieden, útsein as it binnen twa oeren ûnderwurke wurdt.

Slûfkoeter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In slûfkoeter wurdt oan in besteande of nije jarretank boud. De koeters meitsje skreven fan likernôch twa sintimeter djip yn de seade, dêr't de jarre troch tichtslutende rubberslangen oanbrocht wurdt. De skreven sitte sa'n 15 sm útinoar. Troch de druk yn de jarretank te regeljen, kin de hoemannichte dong, dy't oanbrocht wurde moat, regele wurde. De wurkbreedte kin fariearje fan 250 oant 525 sm. Foar it bedongjen fan gerslân wurde smelle en foar boulân wurde brede koeters brûkt.

Seadebedonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seadebedonger wurdt it measte brûkt. De makke skreven binne sa'n 4 oant 5 sm djip. Dy binne justjes djipper as de slûfkoeter, om noch minder ammoniak ferflechtigje te litten. De skreven binne sa'n 20 sm. faninoar en de wurkbreedte is oant 16,5 meter. Tsjintwurdich wurdt de hoemannichte dong mei in kompjûter regele. In selsridende seadebedonger kin in ynhâld hawwe fan likernôch 25.000 liter.

Sleepslangebedonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de grûn te wiet foar swier ark is of as men net mei swier ark op 't lân wurkje wol, kin mei in sleepslangebedonger wurke wurde. Dêrmei wurdt de jarre net mei op it lân naam, mar wurdt it troch in slange, dy't efter de trekker meilutsen wurdt, nei de koeters brocht. De koeters sels binne oan de trekker keppele ynstee fan in karre.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]