Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Domela Nieuwenhuismuseum)
Jump to navigation Jump to search

It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is sûnt 1925 in museum op It Hearrenfean en ûnderdiel fan it Museum Willem van Haren. It is wijd oan dûmny, frijtinker, anargist, anti-militarist, sosjalist en boppe-alles strider tsjin maatskiplik ûnrjocht, Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919). Domela hie in soad oanhingers yn de súdeastkhoeke fan Fryslân en krige de bynamme Us ferlosser. Hy kaam rûnom te sprekken mei ûnderwerpen as algemien kiesrjocht, ôfskaffing fan berne-arbeid en ynfiering fan de achtoerige wurkdei. Domela Nieuwenhuis wie in belêzen man en De studearkamer yn it museum is ynrjochte mei it orizjinele ynterieur fan syn studearkeamer.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]