Springe nei ynhâld

Domastate

Ut Wikipedy

Domastate, ek: Doumastate en Clemijnsstate, wie in eigenierde state ûnder Eanjum yn de gemeente Dongeradiel. Op it stateterrein stiet noch in (wen)pleats.

Oan de Alddyk leit in yn 1872 werboude pleats, dy't yn 1972 troch de nije Hollânske eigeners Clemijnsstate neamd is. Hy moat neffens Iedema-Keune identyk wêze mei Doumastate, yn 1511 in 32 pûnsmiet grut eigengoed. Eekhoff en Schotanus jouwe op dat plak 'Doma'. Yn 1600 wie it it grutste bedriuw ûnder Eanjum.

Yn 1972 is yn de skuorre boaiemûndersyk dien nei bouspoaren; doe is in bakstiennen muorre mei fjouwer rûnbôgige mitsele poartsjes oan it ljocht kaam. Houtskoal en in oantal diels sintere bakstiennen fan 29 x 32 x 7 sm, gieleftich read bakt, jouwe oan dat hjir in stienûne west hat. De mitsele poartsjes binne yn dat ferbân útsûnderlik en kinne derop wize dat de ûne gjin tydlik karakter hie. De kadastrale situaasje jout in omgrêfte lyts terrein beëasten fan de hjoeddeiske pleats. Mooglik wie dêr de âldste bewenning en dat foar de lettere pleats it ophege terrein fan de ferlitten stienûne yn gebrûk nomd is. Der binne gjin nammen fan bewenners bekend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • States en stinzen