Doarpstsjerke (Elslo)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Doarpstsjerke
Elsoo NH Kerk-4.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Ooststellingwerf wapen.svg Eaststellingwerf
plak Elslo
adres Haadwei
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1913
arsjitekt O.M. Meek
boustyl Art Noveau
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 514113

De Doarpstsjerke oan de Haadwei yn Elslo is in tsjerke fan de protestanske streekgemeente Frieslands End. Under de gemeente falle njonken Elslo ek de plakken Boyl en Makkingea. Sûnt de fúzje fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke op 1 maaie 2004 is de tsjerke oansletten by de PKN. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard as herfoarme tsjerke boud yn 1913 troch O.M. Meek (1855-1921), in arsjitekt dy't tige aktyf wie yn de omkriten fan Elslo en yn Donkerbroek mei de bou fan de grifformearde tsjerke in jier earder in te ferlykjen bouwurk delsette litten hie. De nijbou ferfong in tsjerke út 1632, dy't op it tsjerkhôf stie. Is is mei wissens te sizzen dat der al yn 1300 in tsjerke yn Elsloo stien hat.

Yn de jierren 1980 waard foar oare tsjerklike aktiviteiten achter de tsjerke it Karkehûs (Tsjerkehûs) oanboud.

De tsjerke is yn 1995 restaurearre en yn oarspronklike steat werombrocht. Sûnt 2000 is de tsjerke in ryksmonumint. Yn 2017 folge grut ûnderhâld oan de tsjerke.[1]

Klokkestoel

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur fan de tsjerke is hast noch folslein orizjineel. Boppe it foarportaal is in kreake foar it oargel ynbrocht. Ek it oarspronklike bankenplan fan de tsjerkeseal is noch hielendal oanwêzich. De preekstoel stiet yn in nis mei in dûbele opgong. Oan wjerskanten dêrfan steane de banken foar de âlderlingen en diakenen. Yn de tsjerke stiet in elektronysk oargel fan Johannes Oargelbou út Ede. De rûnbôgefinsters en de roasfinsters hawwe glês-yn-leadramen.

Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de tsjerke stiet in yn 1987 restaurearre klokkestoel, dêr't twa klokken yn hingje. De klokkestoel sels stamt út 1953. De âldste klok is 15e iuwsk, de jonge klok waard yn 1954 getten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: