Doarpsblêd De Harkema

Ut Wikipedy

Doarpsblêd De Harkema wie in doarpskrante fan De Harkema.

It blêd waard troch Pleatslik Belang en it Sosjaal Wurk (1982) yn De Harkema opsetten as wurkleazeprojekt. Egbert Borger wie doe ek wurkleas en hat it blêd mei opsetten. Nei fiif jier waard it de Stichting Doarpsblêd De Harkema. Borger hat der sûnt de start oan meiwurke. Hy krige hjirfoar yn 2007 de frijwilligerspriis fan Pleatslik Belang, De Panne. It blêd ferskynde yn 2010 yn in oplaach fan sa'n 2000. Op 17 septimber 2014 waard it blêd opheft.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Doarpsblêd De Harkema, yn: de Harkemaster Krante, septimber 2014.