Dirk van Weelden

Ut Wikipedy
Dirk van Weelden
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 novimber 1957
berteplak Zeist
wurk
taal Nederlânsk
prizen Multatulipriis
Frans Kellendonkpriis

Dirk van Weelden (Zeist, 22 novimber 1957) is in Nederlânsk skriuwer.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Weelden waard grutbrocht yn Alkmaar, dêr't er nei it gymnasium gie. Hy studdearre yn de jierren '70 en '80 filosofy oan de Ryksuniversiteit Grins. Nei syn ôfstudearjen yn 1983 ferfear er nei Amsterdam. Yn dy tiid publisearre er yn ferskate tydskriften en wurke er as skriuwer op mei byldzjende keunstners.

Hy krige kunde oan Martin Bril yn syn studintetiid yn Grins en sy waarden dêrnei in skriuwersduo. Yn 1987 debutearren se mei Arbeidsvitaminen. Het ABC van Bril & Van Weelden. De roman Tegenwoordigheid van geest út 1989 wie syn solodebút. Foar Mobilhome út 1991 krige Van Weelden yn 1992 de Multatulipriis. Yn 1999 ûntfong er de Frans Kellendonk-priis.

Van Weelden wie fan 1991 ôf redakteur fan it keunsttydskrift Mediamatic. Fan 1999 ôf oan siet er yn de redaksje fan it literêre tydskrift De Gids. Van Weelden is foaroansteand lid fan de Nederlânske Akadeemje foar Patafysika.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Arbeidsvitaminen. Het ABC van Bril & Van Weelden (De Bezige Bij, 1987)
  • Tegenwoordigheid van geest (De Bezige Bij, 1989)
  • Piano & Gitaar. De vooruitgang volgens Bril & Van Weelden (De Bezige Bij, 1990)
  • Terugwerkende Kracht. Een leesgeschiedenis van de Tweede Wereldoorlog (De Bezige Bij, 1991)
  • Mobilhome (De Bezige Bij, 1991)
  • Pyrrho reist naar Athene (De Bezige Bij, 1994)
  • Antonius Servadac (De Bezige Bij, 1994)
  • Oase (De Bezige Bij, 1994)
  • Orville (Meulenhoff, 1997)
  • Van hier naar hier (Meulenhoff, 1999)
  • Het Refrein (Meulenhoff, 2000)
  • Looptijd (Augustus, 2003)
  • Straatsofa (Augustus, 2005)
  • Tempo (Augustus, 2007)
  • Het Middel (Augustus, 2007)
  • De wereld van 609 (Augustus, 2008)
  • Een maand in Manhattan (Augustus, 2009)
  • Het laatste jaar (Atlas Contact, 2013)

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]