Diofantus

Ut Wikipedy
Titelside fan de edysje fan 1621 fan Diofantus syn wurk Aritmetika, yn it Latyn oersetten troch Claude Gaspard Bachet de Méziriac.

Diofantus fan Aleksandrje (Gryksk: Διόφαντος ὁ Ἀλεξανδρεύς; wierskynlik berne tusken 201 en 215 en stoarn tusken 285 en 299) wie in Gryksk wiskundige, út Aleksandrje. Wannear't hy libbe is net botte dúdlik, it sil earne tusken de 1e iuw f.Kr. en de 4e iuw west hawwe. Der wurdt meast tocht oan midden 3e iuw. Hy soe 84 jier âld wurden wêze.

Binnen de Grykske wiskunde nimt Diofantus in bysûndere posysje yn. Dêr't oare Grykske wiskundigen benammen mei mjitkunde dwaande wiene, en de oare aspekten fan de wiskunde fanút de mjitkunde beskôgen, wie Diofantus dwaande mei algebra as in 'doel op himsels'.

Hy hat hjirfoar ien fan syn earste skriuwsystemen ûntwurpen foar algebrayske fergelikingen. Syn metoade koe fergelikingen oanjaan mei alle machten fan de ûnbekende fan -6 oant 6, mar hie as neidiel dat it net mei meardere ûnbekenden wurkje koe. Hy wie mooglik ek de earste dy't negative getallen yn syn berekkeningen brûkte, hoewol't hy se net akseptearre as oplossingen foar fergelikingen.

Syn wurk giet oer datjinge wat tsjintwurdich nei him as Diofantyske fergelikingen bekend stean: polynomen mei rasjonale koëffisjinten, wêrfoar't rasjonele oplossingen socht wurde. Diofantus is der wol foar bekritisearre dat hy allinnich inkelfâldige oplossings hat, ek as in probleem in ûneinich tal oplossingen hat, mar dat beswier is mar foar in lyts part terjochte: Yn syn metoades wurde willekeurige getallen taheakke, en troch dizze te fariearjen krijt men ek de oare mooglikheden.

Diofantus skreau syn wurk op yn de Aritmetika. Dit bestie út 13 dielen, wêrfan lykwols lange tiid mar 6 dielen (1-3 en 8-10) bekend wiene. Pas yn 1982 waarden 4 fierdere dielen (4-7) weromfûn, al wie it yn Arabyske oersetting. De lêste 3 dielen binne ferdwûn. It wie yn de kantline fan Diofantus syn Arithmetika dat Fermat syn ferneamde 'lêste' stelling skreau.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: