Die schwarzen Brüder
Die schwarzen Brüder (De swarte bruorren), yn it Nederlânsk ferskynd as Levende bezems (Libbene biezems) is in boek foar jongfolwoeksenen fan de Dútske skriuwster Lisa Tetzner en har man Kurt Kläber alias Kurt Held.
Boek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek waard yn 1940/1941 yn twa dielen publisearre en fertelt it op feiten basearre ferhaal fan de lytse Giorgio út Sonogno yn de Verzasca-fallei yn it kanton Ticino yn Switserlân, dy’t wurke as skoarstienreager. Lisa Tetzner hie yn âld kroaniken lêzen oer it lot fan sokke lytse jonges ut de Verzasca-fallei en oare falleien yn Ticino dy’t fanwege harren lytse as skoarstienreagers ( spazzacamini yn it Italjaansk) yn Milaan wurken. Oant de midden fan de 19de iuw waarden dizze jonges fanwege ekonomyske needsaak foar dit doel ferkocht nei Noard-Italië. In protte stoaren ûnder it gefaarlike wurk.
De jongfolwoeksenenroman waard begûn troch Lisa Tetzner, mar waard ôfmakke troch har man Kurt Kläber. Omdat hy as polityk flechtling yn Switserlân net publisearje mocht, ferskynde it boek ûnder de namme fan syn frou. It wie Kurt Kläber syn earste boek foar jongerein en syn earste boek ûnder it pseudonym Kurt Held, dat hy dêrnei foar alle publikaasjes brûken bleau.
De Switserske histoarikus Linus Bühler beskreau it maatskiplik-krityske wurk as in bern fan syn tiid, wêryn't de ynfloeden fan de tiid dêr't it yn skreaun is trochskine. Wat benammen opfalt is it negative byld fan de Italjanen dat yn de roman ferbylde is. Om dit negative byld te ûnderstreekjen, waarden ek histoaryske feiten ferkeard foarsteld. Yn it wurk wurde de masterskoarstienreagers presintearre as Italjanen, ek al kamen se eins út Ticino.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Giorgio groeide op as bern fan earme berchboeren yn it lytse doarp Sonogno. Op in dei brekt syn mem har foet. Om't de famylje gjin jild hat foar de dokter, wurdt Giorgio ferkocht as skoarstienreager. De ‘man mei it litteken’, Antonio Luini, bringt him tagelyk mei oaren nei Milaan ta. Under de gefaarlike reis rekket Giorgio befreone mei Alfredo, dy’t ek ferkocht is, en dy't út in doarp yn Misox komt.
Yn Milaan moetet Giorgio de baas skoarstienreager Rossi, dy't ûnder de kwint sit fan syn wrede frou. Giorgio wurdt fernedere troch har soan Anselmo en krijt amper genôch te iten. Rossi syn sike dochter Angeletta jout him sa no en dan wat. De man mei it litteken bringt tegearre mei de skipper Giorgio, Alfredo en in groep oare Tessiner jonges nei Milaan, allinnich de boat slacht om en mar in pear minsken oerlibje it. Noch wurde se ferkocht oan skoarstienreagers. Dy hawwe nammentlik ferlet fan jonge jonges as helpke, omdat dy yn skoarstiens klimme kinne om dy skjinmeitsje te kinnen.
Giorgio rekke befreone mei oare skoarstienreagers en wurdt akseptearre yn de ‘Schwarzen Brüder’-mienskip. Giorgio syn baas, master Rossi, is de kweaste net, en ek syn sike dochter Angeletta stekt Giorgio sa no en dan in hert ûnder de riem. Rossi syn frou en syn bedoarne soan Anselmo (it 'kikkertgesicht') hawwe lykwols fan begjin ôf oan in hekel oan Giorgio en dogge der alles oan om him dwers te sitten. Anselmo is lid fan in jeugdbinde, 'de Wolven', dy’t Giorgio faak lestichfalt. Tegearre ferdigenje se har tsjin de oanfallen fan in groep 'wolven'. Alfredo hat it noch minder troffen mei syn master: in lilkaardich allinnichsteande man dy ’t safolle sûpt dat er al giel sjocht (de 'sitroen'), dy ‘t him striemin behannelt. Alfredo rint tuberkuloaze op, yn dy tiid in deadlike sykte. Wol biedt hy Giorgio help troch him lid wurde te litten fan de Swartgezichten, in binde fan Switserske skoarstienreagerkes. No is Giorgio net mear warleas tsjin de Wolven. Doe't Giorgio, dy't al slim ferswakke wie troch de hurde libbensomstannichheden, by it wurk yn in ferstoppe skoarstien hast ferstike, seach de dokter Casella út Ticino nei him om. Hy soarge derfoar dat Giorgio him tenei better fielde. Giorgio syn freon Alfredo stjert yn Milaan oan longtuberkuloaze en Giorgio regelt de begraffenis. As de Wolven dit sjogge en Giorgio ek blyk jout fan edelmoedichheid en dapperheid, krije se sympaty foar de Swartgesichten en by de begraffenis fermoedsoene de beide groepen.
Anselmo wegeret te fermoedsoenjen, mar doe't Giorgio oanbea om it ienris en foar altyd út te fjochtsjen, doarde er it net en naam er syn taflecht ta in oanfal yn 'e rêch. Sels de eardere freonen fan Anselmo fûnen dit sa lef dat se har tsjin him keare, him slaan en him út 'e binde sette. As wraak foar dizze fernedering stelt Anselmo kostberheden, leit se yn Giorgio syn sliepplak en beskuldiget Giorgio. Allinnich Angeletta leaut Giorgio noch, en master Rossi wol de plysje belje. Giorgio beseft dat nimmen him leauwe sil, en mei help fan de Wolven flechtet er út Milaan mei in pear Swartgesichten werom nei Switserlân.
Se wurde holpen troch harren eardere fijannen, de 'wolven'. Yn Lugano fine se ûnderdak by Dr. Casella. Dit soarget der ek foar dat alles op it lêst goed komt. By in ferbliuw yn Lugano ûntdekt Giorgio Antonio Luini. Antonio wurdt oanhâlden en feroardiele ta in lange finzenisstraf. Giorgio bliuwt njoggen jier by de dokter, groeit op, krijt in oplieding en boasket mei Alfredo syn suster Bianca. As folwoeksen man en jonge learaar komt er werom nei syn berteplak Sonogno.
-
Italjaanske skoarstienreager mei syn feintsje, ein 19e iuw
-
Skoarstienreagers yn Mailand
-
Skoarstienreagersfeintsje
-
Gûlende skoanstienreagersjonge om 1865; Skilderij fan Antonio Rinaldi, (1816-1875)
Harkspul
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heidi Knetsch en Stefan Richwien bewurken it materiaal foar de harkspulferzje. Christiane Ohaus regissearre. It is in produksje fan Radio Bremen, Norddeutscher Rundfunk en Bayerischer Rundfunk út 2002. De útfierders binne Raiko Küster, Hildegard Krekel, Horst Mendroch, Andreas Pietschmann en Ulrich Pleitgen. Yn 2004 krige it harkspul de Kwartaalpriis fan de Dútske platekritisy.
- Lisa Tetzner: Die Schwarzen Bruder, Düsseldorf: Patmos 2003, 2 cd's, 104 min, ISBN 978-3-491-24087-2
Films/musicals
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In 1984 waard Die schwarzen Brüder yn opdracht fan ARD ferfilme as in seisdielige searje.
- Sûnt juny 2012 waard de spylfilm Die schwarzen Brüder opnomd ûnder lieding fan de Switser Xavier Koller. De film is in Dútsk-Switserske mienskiplike produksje fan Enigma Film München en Dschoint Ventschr Filmproduktion, Zürich en in ko-produksje fan de Beierske Radio, yn de mande mei ARD Degeto, Arte, WDR en NDR en de Ticino televyzje RSI. Ta de akteurs hearre Moritz Bleibtreu, Ruby O. Fee, Richy Müller, Waldemar Kobus en Fynn Henkel. De film kaam út yn 2013 en waard bekroane mei de Prix Walo.
- Yn 1995 waard yn Japan in 33-dielige animaasjesearje (anime) makke as ûnderdiel fan it World Masterpiece Theatre ûnder de titel Romeo no aoi sora (Japansk:ロミオの青い空 Romio no aoi sora, letterlik: 'Romeo syn blauwe loft'), regisearre troch Kōzō Kusuba. It waard ek yn Dútslân útstjoerd ûnder de titel Die schwarzen Brüder.
- Op 31 maart 2007 gie de musical Die schwarzen Brüder yn premiêre yn Schaffhausen, Switserlân (komposysje fan Georgij Modestov, tekst fan Mirco Vogelsang). Op 22 july 2010 gie in iepenloftferzje fan de musical yn première op it driuwende poadium oan de Walensee yn Walenstadt.
- Yn april 2011 waard it ferhaal as musical opfierd yn Münsingen.
- Op 7 augustus 2014 belibbe de musical Die schwarzen Brüder syn Dútske premiêre yn kastiel Bückeburg, regisearre troch Mirco Vogelsang. Maite Kelly spile frou Rossi. Oare dielnimmers wiene Thorsten Tinney, Janko Danailow, Peterzeug en Conny Braun.
Boekedysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Die schwarzen Brüder. Underfinings en aventoeren fan in lytse Ticino. 2 dielen, yllustrearre troch Theo Glinz. Sauerlander, Aarau 1940/1941.
- Nije útjefte, mei tekeningen fan Emil Zbinden. Sauerländer, Aarau 1970, ISBN 3-7941-0402-1 en ISBN 3-7941-0403-X.
- Nije útjefte yn ien diel: Sauerländer, Mannheim 2010, ISBN 978-3-7941-8104-9.
- Op 'en nij besjoene edysje: Fischer Sauerländer, Frankfurt am Main 2024, ISBN 978-3-7335-0782-4.
- Die schwarzen Brüder. Roman yn byld, yllustrearre troch Hannes Binder. Sauerländer by Patmos, Düsseldorf 2002, ISBN 3-7941-4900-9.