Deutschschweiz
Mei Deutschschweiz (Frânsk: Suisse alémanique) wurdt ferwiisd nei it Dútsktalige part fan Switserlân. De ynwenners fan de Deutschschweiz neame harsels Deutschschweizer.
It gebiet Deutschschweiz bestiet út de Dútsktalige kantons Zurich, Luzern, Uri, Schwyz, Obwalden, Nidwalden, Glarus, Zug, Solothurn, Basel-Stadt, Basel-Stadt, Schaffhausen, Appenzell Ausserrhoden, Appenzell Innerrhoden, Sankt Gallen, Aargau en Thurgau en de Dútsktalige dielen fan de meartalige kantons Bern, Freiburg, Wallis, en Graubünden.
Yn de Deutschschweiz wurdt oer it generaal Switserdútsk praat, in groep Alemannyske dialekten. As skriuwnoarm jildt it Schweizer Hochdeutsch. It oantal ynwenners yn de Deutschschweiz leit om de 5,4 miljoen minsken hinne, dy't foar in grut part yn en om de stêden Zürich, Basel en Bern wenje.