Springe nei ynhâld

Desintralisaasje

Ut Wikipedy

De term Desintralisaasje as tsjinstelling mei sintralisaasje wurdt benammen brûkt by oerheden en oare organisaasjes. Hjirby wurdt bedoeld it minder sintraal te regeljen. In foarbyld is it opsplitsen fan ien grut steatsbedriuw yn losse ûnderdielen.

De Ferljochting ferwachte alles fan de sintrale, ferjochte, oerheid. De sosjale striid, taspitst op it nasjonale nivo, hat yn de praktyk ek de sintralisaasje befoardere. De finansjele kuratele fan it ryk yn de krisisjierren die de rest; de selsstannichheid fan de gemeentes en de provinsje teide fuort. Tsjin dy sintralisaasje is ferset komd, benammen yn Fryslân. Dêr woe men mear foech, ferantwurdlikheid en selsstannichheid foar gemeentes en provinsje, benammen yn de striid tsjin nivellearring en massafikaasje foar de ûntwikkeling fan de eigen kultuer. De Ried fan de Fryske Beweging joech in brosjuere út en de Fryske Steaten lieten in kommisje rapport útbringe. Beide waarden brûkt troch de steatskommisje ta wersjenning fan de provinsjale wet. Yn it ramt fan it regionalisme waarden kontakten lein mei organisaasjes út oare provinsjes en lannen. Ynstee fan unifoarme sintralisaasje winsket men erkenning fan it rjocht ta selswurksumheid en selsferantwurdlikheid. Sa kinne de mienskippen eigen mooglikheden en karakter op alle terreinen ûntjaan. De Fryske Nasjonale Partij hat it stribjen nei federaal ferbân yn har program opnomd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: