Den Olden Florus

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Den Olden Florus (2011)
Den Olden Florus (2011)

Den Olden Florus of Kallenbroeker Mole is ien fan de âldste noch besteande standertmoles yn Nederlân en stiet oan de Stoutenburgerwei 20 yn Terschuur. Hoe âld de mole krekt is, is ûnbekend. Seker is lykwols dat dizze der al foar 1584 stie. Sa kaam de mole yn de goederen fan de Hof fan Callebroeck al foar yn 1403 en yn 1495 kaam de mole foar yn de argiven fan de Johanniter Oarder.

Oant 1975 stie de mole bekend as de Kallenbroeker Mole, mar hat dêrnei de nije namme Den Olden Florus krigen as earbetoan oan de destiidske eigener Flores Mulder.

De Den Olden Florus is in sluten standert-nôtmole mei in âlde sturtkonstruksje. De standert hat yn it ferline iepen west. It is in saneamde grûnsiler: de punten fan de wjukken geane hast oer de grûn, se kinne fan de grûn ôf kruid wurde en de seilen kine fan de grûn ôf op de wjukken fêstmakke wurde.

De mole hat in houten boppe-as mei in jitizeren askop en in izeren pin. It âldhollânsk geflecht mei oarspronklik houten roeden hat no izeren roeden. De laske, izeren roeden binne fan 1964 en by de restauraasje yn 1965 stutsen.

De mole hat twa keppel mealstiennen, dy't op twa ferskillende ferdjippings sitte. De achtermole bestiet út keunststienen en de foarmole út blauwe stienen, wêrfan de loper jitten is. De twa stienspillen wurde troch itselde boppetsjil oandreaun. It boppetsjil hat oan de trepside 61 kamen en oan de boarstside 75 kamen. De stek is 14 sm. It mealkeppel oan de trapside, de foarmole, hat in stienspil mei 11 stêven. It mealkeppel oan de boarstside, de eftermole, hat in stienspil mei 13 stêven. De oerbringingsferhâldings binne resp. 1 : 5,55 en 1 : 5,78.

De fang (remme) is in Flaamske fang besteande út fiif stikken, dy't mei knierende izers (moanizers) mei elkoar ferbûn binne. De fang hat in evender en kin sawol bûten as binnen yn de mole betsjinne wurde. De evender sit ferkeard om, omdat oars de stienbalke foar it fangtou yn it paad sit. Om it boppetsjil sit in izeren hoep dêr't de fang op oangrypt.

Yn de sydkanten fan de kast sitte trije rûne wyngatten, wêrtroch't wuyn waaien giet as de mole troch in feroarjende (romjend of krimpend) wyn net mear presys op de wyn stiet. Mei help fan de kruibank wurdt de mole op de wyn kruid, wêrby't de kast mei de sturt op de standert rûndraait.

De trep bestiet út twa trapbomen, dy't trochrinne oant de hoekstilen. De trep wurdt hjirtroch fan ûnderen nei boppen ta hieltiten breder. Yn 'e midden fan de trep sit de sturt en ûnderoan de trep sit de kruibank mei kruilier.

Mei it luiwurk, dat direkt troch it boppetsjil oandreaun wurdt, wurde sekken nôt opluid (ophyst). It troch it boppetsjil oandreaune tsjil fan it luiwerk wurdt it bargetsjil neamd. Oan de oare kant fan de luias sit it gaffeltsjil, dat brûkt wurde kin om mei de hân op te luien.

De mole stiet yn it buorskip Kallenbroek by Terschuur.

De mole is yn 1965 en 1980 yngreven restaurearre. Yn 1965 waard de kast, hast hielendal fernijd en yn 1980 binne de standert, stienbalke en boppe-as fernijd en de ûndertoer en kape mei reid dekt. Daarvoor was de kap gepotdekseld. Op de oude standerd kwamen de jaartallen 1635, 1651, 1703, 1709 en 1881 foar.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • ........ - 1735 Deputearden fan it Kertier fan Feluwe
  • 1736 - ....... Hermen Gerritsen Keyser
  • ........ - 1753 Rijkje Lammerts, widdo fan Herman Gerritsen Keyser.
  • 1753 - 1759 Jacob Nienhuis
  • 1759 - 1765 Gerritje Hovekes, widdo en erven
  • 1765 - 1768 Cornelis van Dompselaar
  • 1768 - 1807 Gijsbert Wilbrink
  • 1808 - 1853 Petrus Wilbrink
  • 1853 - 1872 H. Wilbrink
  • 1872 - 1885 L. Wilbrink
  • 1885 - 1924 E.F. Mulder
  • 1924 - 1952 Firma E.F. Mulder & Sn.
  • 1952 - 2008 Mulder B.V.
  • 2008 - hjoed troch Baan ûnderbrocht yn in Stichting

Fotogalerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]