Demontaazjepuzel
Appearance
In demontaazjepuzel is in puzel dy't bestiet út in oantal ûnderdielen, bygelyks in metalen konstruksje mei in toutsje der omhinne, dy't yn it earste oankommen net út elkoar helle wurde kinne. It is de bedoeling út te sykjen hoe't soks doch klear krigen wurde kin. Dêrnei is it meastentiids wer krektlike slim om de konstruksje wer yn elkoar te setten.