Delta di Venere Award

Ut Wikipedy
Delta di Venere Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Italjaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch Fiere Delta di Venere
frekwinsje 1x jiers
plak Milaan / Turyn (Itaalje)
ynsteld 2004
1e útrikking 2004
offisjele webside
www.deltadivenere.com

De Delta di Venere Awards binne in groep Jeropeeske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt op 'e erotykfakbeurs Fiere Delta di Venere dy't ôfwikseljend holden wurdt yn 'e Noarditaljaanske stêden Milaan en Turyn. Dêrby wurdt fral de Italjaanske pornoyndustry yn it sintsje set. De earste útrikking fûn plak yn novimber 2004 yn in stik as tweintich kategoryen. Under de pornoaktrises dy't alris in Delta di Venere Award wûn hawwe, binne Jesse Jane, Ashley Long, Jessica Jaymes en Veronica Da Souza.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: