Springe nei ynhâld

Manuel Fetter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dea fan Manuel Fetter)

Manuel Fetter (Ljouwert?, 18 augustus 1972Ljouwert, 24 septimber 2004) wie in slachtoffer fan sinleas geweld.

Manuel waard op 24 septimber 2004 deastutsen yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert neidat hy in oare man oanspruts op it stikken smiten fan in bierfleske, net fier fuort fan wêr't sân jier earder ek Meindert Tjoelker om it libben kaam troch sinleas geweld.

De dea fan Fetter makke in soad los yn Ljouwert. Der kaam begjin oktober in stille tocht foar Manuel en der is in diskusje begûn oer wat minsken dwaan kinne om sinleas geweld tsjin te gean.