Tolve Apostels fan de SDAP
Appearance
(Trochferwiisd fan De tolve apostels fan de SDAP)
De Tolve Apostels fan de SDAP wienen de oprjochters fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij. De namme is in ferwizing nei de tolve bibelske apostels, de learlingen fan Jezus fan Nazaret.
De SDAP wie in Nederlânse politike partij fan foar, yn en flak nei de Twadde Wrâldoarloch. De SDAP waard 26 augustus 1894 oprjochte yn it lokaal Atlas oan de Ossenmarkt 9 yn Swol as alternatyf foar it Sosjaal-Demokratyske Bûn (SDB) fan Domela Nieuwenhuis.
De tolve apostels wienen:
- Levie Cohen
- Jan Antoon Fortuijn
- Adriaan Gerhard
- Frank van der Goes
- Willem Helsdingen
- Henri Hubert van Kol
- Henri Polak
- Jan Schaper
- Hendrik Spiekman
- Pieter Jelles Troelstra
- Helmig Jan van der Vegt
- Willem Vliegen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Paneel De twaalf apostelen, makke troch Fré Cohen foar in útstalling by gelegenheid fan it 40-jierrich bestean fan de SDAP yn 1934.