Springe nei ynhâld

De Zwaluw (Hoogeveen)

Ut Wikipedy
De Zwaluw
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Hoogeveen
koördinaten52°43' N 6°28' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjenôtmûne
flecht24,60 m
boujier1787 (ûnderbou)
1834 (boppebou)
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer22254 (mûne) [1]
Webside
Side De Zwaluw
Kaart
De Zwaluw (Hoogeveen)
De Zwaluw

De Zwaluw is in nôtmûne oan 'e Van Echtenstraat yn it Drintske plak Hoogeveen. It is in reitdutsen, achtkante houten stellingmûne op in achthoekige mitsele ûnderbou.

Al foar 1715 hie Hoogeveen in mûne. In twadde mûne waard yn 1716 op it plak boud dêr't de hjoeddeiske mûne stiet. Dy mûne waard yn 1787 ferfongen troch in stiennen mûne.

Yn 1833 baarnde de mûne ôf nei't it fjoer fan 'e mûnderswente oersloech. In jier letter waard de hjoeddeiske mûne boud. De stiennen romp datearret noch út 1787, it houten achtkant is fan 1834. Eartiids stie de mûne oan in feart. It graan waard yn dy tiid mei skippen oant yn 'e mûne ferfierd, dêr't de sekken nôt nei boppe takele waarden.

Yn 1947 folge in restauraasje fan 'e mûne, mar op 2 septimber 1956 waard de mûne wer troch brân troffen. Fan 1960 oant septimber 1961 waard de skea wer ferholpen.

De lêste partikuliere eigner ferkocht de mûne yn 1976 oan 'e gemeente Hoogeveen. Yn 1983 krige de mûne de hjoeddeiske namme. De mûne waard yn 1999 op 'e nij restaurearre.

De stelling fan 'e Zwaluw is 10 meter heech. De flecht fan 'e wjukken is 24,60 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: