De Wimerts (Warkum)
Appearance
De Wimerts is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân dat troch de stêd Warkum rûn. It wie in natuerlike ôfwettering fan de marrekrite nei de Sudersee. Tusken 1860 en 1870 is de Wimerts dempt.
De strjitte dy't troch de stêd rint (Noard-Merk-Súd), wurdt noch altiten de Wimerts neamd. De 18 brechjes oer de Wimerts binne likernôch 2000 wer yn it sicht brocht yn opdracht fan Stifting Stedsherstel Warkum. Guon histoarisy hâlde út, dat de eardere Wimerts in troch de muontsen fan it kleaster fan Starum groeven ferbining mei Warkum wie. Hy soe no foar in part bûtendyks yn de Iselmar lizze.