Springe nei ynhâld

De Widde Meuln

Ut Wikipedy
De Wite Mûne
De Widde Meuln
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
plak Ten Boer
adres Boltweg
koördinaten 53°16'N 6°41'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 20,40 m
boujier 1839, werbou 2005
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9775 [1]
Webside
Side fan de mûne op It Grinslânske Gea
Kaart
De Widde Meuln (Grinslân)
De Widde Meuln

De Widde Meuln ('De Wite Mûne') is in nôtmûne oan 'e Boltweg by it Damsterdjip yn it Grinslânskse buorskip Boltklap by it doarp Ten Boer.

De mûne waard yn 1839 as pelmûne fan giele bakstiennen boud en letter mei mealstiennen útrist. Yn 1935 waard de wynkrêft bûten bedriuw steld. De mûne ferlear wjukken, kape en stelling en bleau as romp stean, mar bleau lykwols noch op motorkrêft trochmeallen.

Sûnt de jierren 1970 ûnstiene de earste plannen foar in restauraasje fan 'e mûne, mar it duorre oant 2005 dat der in begjin makke waard oan 'e rekonstruksje. Earst waard de kape werom set en yn 2006 folgen de wjukken en it binnenwurk. De mûne is as nôtmûne mei twa koppel keunststiennen mealfeardich en yn 'e mûne is ek in eksposysje oer mûnen ûnderbrocht.

De Widde Meuln is in rûne stiennen boppekruier. De stelling is 5,2 meter heech en de flecht is 20,40 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: