De Wachter (Súdlaren)
De Wachter | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Súdlaren | |
adres | Havenstrjitte 36 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôt- en oaljemûne | |
boujier | 1851 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 41094 [1] | |
offisjele webside | ||
Side De Wachter |
De Wachter oan de Havenstrjitte is in nôt- en oaljemûne yn it Drintske doarp Súdlaren. Tagelyk is de mûne mei bygebouwen in ambachtenmuseum, mei û.o. in klompmakkerij en bakkerij en ferskillende samlings mei û.o. in grutte kolleksje ark. In groep fan hast twahûndert frijwilligers hâlde it kompleks draaiend.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1851 foar de famylje Van Bon as nôt- en oaljemûne boud. Yn 1895 kocht Jan Medendorp de mûne oan, dy't der in pear jier letter twa stoommasines yn sette. De iene masine dreau in elektryske generator oan, wylst de oare de speserijemûne stream levere. De wynmûne bleau selsstannich trochwurkjen.
Yn de jierren 1920 kaam der in ein oan de oaljeslaggerij en de speserijemeallerij. In soad ûnderdielen fan de mûne waarden ôfbrutsen of ferwidere en ek de steammasines ferdwûnen. De mûne wurke fierder as nôtmûne, mar yn 1950 naam mounder Medendorp it beslút om ek oan dat bedriuw in ein te meitsjen. It doek like foar 'De Wachter' fallen, mar de mûnder sette sels mei de restauraasje fan de mûne útein. Yn de rin fan de tiid waard ek it oaljewurk rekonstruëarre.
Sûnt de jierren 1980 waard de rest fan it kompleks restaurearre. Nei't meardere generaasjes fan de famylje Medendorp de mûne yn harren besit hân hiene, waard de mûne yn 1989 oerdroegen oan de Stifting Koren en Oliemolen De Wachter. Yn de gebouwen is in bakkerij, in smid, ferskillende winkeltsjes, tsien wurkjende stoommasines en in klompmakker ûnderbrocht.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wachter is in achtkante stellingmûne op in stiennen ûnderbou. De stelling is 9,55 meter heech en achtkant en de kape binne reiddutsen. De wjukken hawwe in flecht fan 22 meter en hawwe lang selsswichting hân. Tsjintwurdich binne de wjukken útrist mei it systeem Fauël mei tige grutte remkleppen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|