De Trappenberg

Ut Wikipedy
De Trappenberg

Refalidaasjesintrum De Trappenberg is in regionaal sintrum foar refalidaasje foar bern en (jong)folwoeksenen oan de Crailoseweg yn Huizen. Refalidanten leare hjir om in selsstannich libben te lieden, sawol fysyk, sosjaal as maatskiplik, mei sa min mooglik beheinings. Der binne fêstigings yn Huizen, Almere en Lelystêd. Foar de regio Noard-Hollân is De Trappenberg it ienige sintrum dat klinyske refalidaasje foar bern yn de leeftiidsgroep fan 0 oant 16 jier.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1912 wurdt it Amsterdamsch Kindersanatorium Hoog Blaricum iepene yn Huizen. It wie bedoeld foar de opfang en ferpleging fan tuberkuloaze-pasjinten. Yn 1955 is it tal tbc-pasjinten in ein hinne weromrûn mar wie der in eksploazje fan berneferlam­ming en waard de namme feroare yn Gooisch Kinderzieken­huis. Yn 1956 kaam de neidruk op refalidaasje te lizzen. It sikehûs waard nei in priisfraach omneamd yn De Trappenberg, nei in heuvel yn it Gooisch Natuur­reservaat efter it sintrum. Der kaam yn 1976 ek in mytylskoalle by.

Sûnt 1 oktober 2010 foarmet Refalidaasjesintrum De Trappenberg mei it Nederlânsk Astmasintrum Davos en Behannelsintrum Heideheuvel yn Hilfertsom de holding Merem Behannelsintra.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: