De Swette (Aldeboarn)

Ut Wikipedy

De Swette is in feart yn de gemeente Hearrenfean. De feart rint yn polder Jinswâlde en ferbynt Aldeboarn mei de noardliker lizzende Opfeart (Warniahuzen) op de grins mei Smellingerlân. It earste stik fan Aldeboarn ôf rint De Swette bylâns de Prikwei.

De namme De Swette jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zwette.