De Spycker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Spycker yn 2010

De Spycker wie in state ten súdeastlik fan Reitsum, yn de gemeente Ferwerderadiel. Fan de stins is neat werom te finen.

It ûntstean is ûnbekend, mar De Spycker wie yn 1511 kleastergoed fan Klaarkamp. De namme betsjut "nôtopslachplak", en sekundêr "pakhûs foar kostberheden". Faak fertoanden "spikers" oan de bûtenkant oerienkomsten mei stinzen, meidat it toerfoarmige geboukes wienen binnen in grêft. De Spiker fan it kleaster yn Himmelum wie in sterke stins, dy fan Ternaard in aadlik hûs.

Yn 1511 bringt "Tjaard up den Spijker" lân oan as meier fan Klaarkamp; yn 1540 is dat Ritske Claes 'nu meijer van Klaarkamp'. It Benefisjaalboek sprekt fan "Ritske op it Spiker".
De Spycker hie ek letter noch wol wat status, want yn 1640 is it eigendom fan de erfgenamten fan Idsert fan Burmania en wurdt it hûs bewenne troch Watse Sipkes dy't as 'rjochter’ neamd wurdt yn it stimkohier.

Yn 1698 is eigener jonker Ruird Juckema fan Burmania en is de pleats yn gebrûk by Jan Andries. Neffens it floreenkohier fan 1700 is ‘huis, schuur en hornleger De Spijker’ eigendom fan meardere persoanen nammentlik de erven fan ‘wijlen grietman B.H.van Groustins’ foar de helte, de erven fan Laas fan Burmania foar in kwart en in mefrou Humalda foar it lêste kwart. Yn 1728 is luitenant-generaal Frederik fan Grovestins eigener en de brûker is Hendrik Botes. Yn 1832 op it lêst is it goed eigendom fan de stienrike Ljouwerter oaljeslagger Age Bienzes Looxma.

Op de kaart fan Schotanus wurdt de Spiker noch oanjûn, efkes besuden Lichtaard. Ek Eekhoff jout it terrein oan. It terrein wie doe net mear beboud en waard net mear mei de namme Spiker oantsjut.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • kleaster Klaarkamp

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • Hisgis