Springe nei ynhâld

De Ruiten (Slochteren)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Ruiten (mole))
De Ruiten
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
Slochteren
adres Groenedijk 28-A
koördinaten 53°12'N 6°46'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
boujier 1935
oare ynformaasje
eigner St. Midden- en East Grinslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33796 [1]
Webside
www.msmog.nl
Kaart
De Ruiten (Grinslân)
De Ruiten

De Ruiten is in poldermûne by it doarp Slochteren yn 'e provinsje Grinslân.

Yn 1786 waard de earste mûne fan it wetterskip 'De Ruiten' boud. Dy mûne baarnde yn 1854 ôf en waard ferfongen troch in nije mûne. Yn 1934 baarnde de mûne fannijs ôf. De werbou fûn plak yn 1935, wêrby't in achtkant fan in âlde mûne brûkt waard.

De Ruiten is de lêste poldermûne fan 'e provinsje Grinslân dy't noch foar beropsmjittige bemealling boud is. Nei't de mûne yn 1968 bûten gebrûk steld waard naam de Slochter Mûnestifting de mûne oer. De nije mûne waard yn 1935 mei selsswichting útrist, mar krige by de restauraasje yn 1973 it Ald-Hollânsk hekwurk mei silen op 'e roeden. De Ruiten hat in flecht fan 21,50 meter.

Frijwillige mûnders litte de mûne regelmjittich wurkje. Hjoeddeiske eigner is de Mûnestifting Midden- en East-Grinslân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: