De Nije Borgkrite
Appearance
De Nije Borgkrite wie in lyts wetterskip yn de gemeente Idaarderadiel yn de Nederlânske provinsje Fryslân.
Dit wetterskip, mei in oerflakte fan mar 60 bunder, waard oprjochte om de bemealling simmerdeis yn de polder te ferbetterjen. It wetterskip wie lykwols te lyts om effektyf wurkje te kinnen en waard dêrom yn 1960 mei 11 oare polders gearfoege ta wetterskip De Bird.
It eardere gebiet fan De Bird waard yn 2004 part fan Wetterskip Fryslân.