De Hoorneboeg
Appearance
De Hoorneboeg is in lângoed en konferinsjeoard temidden bosk en heide besuden Hilfertsom.
De Remonstrantse Bruorskip mocht sûnt 1948 fan de lêste bewenster en eigenaresse juffer E.A. Pijnappel, in grut diel fan De Hoorneboeg brûke as konferinsjesintrum foar lanlike gearkomsten. Hja bleau sels yn har hûs op de heuvel wenjen. Nei har ferstjerrren krige de bruorskip it hiele lângoed yn eigendom.
Yn de rin fan de jierren kamen der twa soarten gasten:
- groepen dy't ferbûn wienen mei de bruorskip: de Hoorneboegmienskip, de Arminiusgemeente, de Remonstrantse oarder, it Remonstrants Froulju Kontakt.
- kommersjele gasten. It bestean is hjirfan foar in grut part ôfhinklik.
Sûnt 1 jannewaris 1999 is de Hoorneboeg ferhierd oan in dochter fan de YMCA dy't ek de eksploaitaasje docht. Der wurdt nau gearwurke mei in oare YMCY-dochter, de Ernst Sillem Hoeve yn de Lage Vuursche.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |