De Holder (literêr tydskrift)
- Net te betiizjen mei bernetydskrift De Holder (bernetydskrift), dat tusken 1992-1998 útjûn waard troch it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding, bedoeld foar learlingen fan it basisûnderwiis..
De Holder wie in Frysk literêr moannetydskrift dat útjûn waard yn de jierren 1926 oant 1929.
De Holder naam trije jier lang in apart plak yn ûnder de Fryske tydskriften, net allinne as tsjinhinger fan it literêre monopoalje fan Douwe Kalma, mar ek fanwegen de foar dy tiid moderne typografyske en illustrative forsoarging. Keunstkritikus Peter Karstkarel hat yn it jierboek fan De Vrije Fries in wiidweidige skôging skreaun oer dit, sa't hy it neamt, 'hoogtepunt in de grafische vormgeving in de eerste helft der 20ste eeuw in Friesland.' De Holder waard as finjet wat mear as libbensgrut werjûn op it omkaft fan elk nûmer. Mar de bynamme fan it blêd wie 't Holderke'.
Skriuwers dy ’t wurk yn De Holder publisearren wiene ûnder oaren Bauke Tuinstra en Douwe Kiestra.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme hie in symboalyske betsjutting, want holders stiene foar befruchting en krúsbestowing. Yn in sonnet ‘Ienlike lylje’ (leelje), beskreau Rintsje Sybesma hoe ’t De Holder foar de lyryske dichter it toanbyld wie dat de taal sjonge litte koe. De Holder ferwiisde mei syn titel net mear nei it Frysk, Fryslân of in Frysk eigen begryp, mar nei in ynsekt dat symboal stie foar befruchting en krúsbestowing. .[1]
Oprjochters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn feite ha trije feedokters oan de widze stien fan De Holder: Jacob Jansen, Rintsje Sybesma en Oene Mulder. Jelle Brouwer (neerlandikus) en Sybesma foarmen de redaksje.[2] De Holder waard oprjochte troch en stie ûnder lieding fan Jelle Brouwer en Rintje Sybesma, twa noch jonge minsken dy ’t harren ûntwynden oan de ynfloeden fan Douwe Kalma troch it opsetten fan harren eigen blêd. Tagelyk mei de útjefte fan De Holder kaam der in ein oan de 'literêre diktatuer' fan Kalma, waans blêd 'Frisia' doe krekt (tydlik) ophâlde te bestean.
Doel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bedoeling fan De Holder wie om de literatuer en de kritiken in nije ympuls te jaan en it moast ek de klam lizze op de grafyske fersoarging fan it Fryske boek. De redakteuren fregen foar de yllustraasjes meiwurking fan keunstners fan namme, lykas Evert Caspers (1897-1976) en Joh. Mulders (1900-2000). Neist artikels, gedichten en resinsjes wiene der ek muzyktaheaksels, mei poëtyske titels as 'Abdije' en 'Midsimmer.'
Trochdat it net allinnich in moai mar ek djoer tydskrift wie, waard de útjefte stopsetten flak foar de útbraak fan de ekonomyske depresje yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw.
Typografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De typografyske foarmjowing wie yn hannen fan Evert Caspers, learaar út Ljouwert, dy't dêrnjonken ek illustraasjes makke. Letter kaam Johannes Mulders der by, as fêste meiwurker foar it meitsjen fan hout- en linoleumfiken. Drukker fan De Holder wie Doederus Kamminga te Dokkum.
De typografyske en yllustrative fersoarging wie tige eigentiids en fan in tige heech nivo. Pas in de slotrigels fan de earste jiergong waard de namme bekend fan de grafikus en typograaf. 'By 't ôfsluten fen dizze foarste jiergong fen "De Holder" bringe wy tank oan alle meiwirkers. Mar ús moanneskrift hie net wirde kinnen hwet it optheden is sûnder de greate fakljeafde fen J. Kamminga, lyk as men dy net faek oantreffe scil en sûnder de waerme tawijing fen E. Caspers, dy't aloan for de foarsoarging stien hat en dêrom is yn 't bysûnder in wird fen tank oan hjarren hjirre grif op syn plak. Det wy yette lang fen hjarren meiwirking profitearje meije!'
De typografy wie yn elk nûmer fan de 1e jiergong alle kearen ferrassend oars, in ôfwikseling fan (hoeke)ornaminten, aksinten, sniene inisjalen, kaderlinen yn hieltyd in oare kleur en finjetten. De drukker klage sa no en dan fanwege it muoisume en tiidslinende wurk om de siden oant yn detail goed te krijen. 'It liket my sa yn 't earstoan net in noflik houlik tusken in printer en in houtsnijer-tekeneridealist'. It moanneblêd waard yn it jier fan ferskinen yn gâns rûnten geunstich üntfongen. Tseard Bottema, doe al ferneamd yllustrator fan berneboeken, ornearre bygelyks dat er selden in tydskrift yn hannen hân hie, dat der sa troch en troch fersoarge útseach.
De ferrassing rekke der typografysk wat ôf, want yn de twadde en tredde jiergong ferskynde De Holder mei in ramt fan ljochtgrize balken om de bledspegel en sels de aksinten by titels en yllustraasjes bleaune tige ienfâldich. Yn de fjirde en lêste jiergong waard de grafyske foarmjouwing feroare: de blêden krigen oan de ûnderside in ôfsluting fan trije tinne reade streken, de marzjes yn de knyp krigen twa reade streken. De sidenûmering, krekt bûten de krusing fan horizontalen en fertikalen, krige ekstra aksinten mei swarte blokjes. De houtfiken fan Evert Caspers foar de lêste jiergong wiene de bêste dy ’t hy foar de Holder makke. Yn totaal hawwe Evert Caspers 24 en Johannes Mulders 19 hout- en linoleumfiken foar De Holder makke. Op inkelde portretten nei binne it allegearre topografyske printen.[3]
De yllustraasjes yn de foarm fan hout- en linoleumfiken waarden fersoarge troch sawol Evert Caspers as Johannes Mulders. De houtfyk liende him goed foar ferienfâldiging en de komposysje wie útsûnderlik boeiend trochdat de kleur wyt like wichtich wie as swart. Sybesma wie tefreden oer de foarmjowing fan De Holder, mar hy wie minder gefoelich foar it artistike gesicht as meiredakteur Brouwer. Hy skreau yn febrewaris 1926: ‘Houtsnijwurk moatte wy altiten oannimme, it is ek yn 'e moade’. Op inkele portretten nei wiene de measte yllustraasjes topografysk en fan (agraryske) ienfâld. Mei útsûndering fan in gesicht op de Aldehou liken de printen benammen argetypysk te wêzen foar it Fryske lânskip.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1992-1998 joech it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding in bernetydskrift De Holder út, bedoeld foar learlingen fan it basisûnderwiis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|