Doederus Kamminga

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Doederus Kamminga wurdt de Suveren Anjer útrikt troch prins Bernhard, 14 july 1960

Douwe Johannes (Doederus) Kamminga (Dokkum, 5 oktober 1884 - dêre, 30 oktober 1977) wie in boekhanneler en printer.

Hy wie de soan fan Johannes Kamminga (1853-1928), dy't de útjouwerij J. Kamminga yn Dokkum oprjochte.

Hy hat 50 jier warber west yn Dokkum. Hy fersoarge in protte Frysktalige útjeften, sa as "De Holder", wurk fan Dr. Jacob Botke, Douwe Kalma, Fedde Schurer en oaren. Kamminga wie fierder oprjochter fan de Dokkumer Aldheidkeamer (It Admiraliteitshûs) en foarsitter en earefoarsitter fan de Federaasje fan Fryske Musea en Aldheidskeamers.

Der is in (ûnfolsleine) beskriuwing fan Dokkumer gevelstiennen út 1948 fan him bekend: Oude adreskaarten in steen en hout te Dokkum

Yn 1960 krige er in Sulveren Anjer takend foar syn frijwillich krewearjen foar kultuerele saken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Kamminga, Doederus