Springe nei ynhâld

De Eendracht (Gieterveen)

Ut Wikipedy
De Eendracht
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plakGiterfean
adresBroek 62
koördinaten53°1' N 6°50' E
bysûnderheden
funksjenôtmûne
flecht19,25 m
boujier1904
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer16132 [1]
Webside
hiemside
www.aaenhunzemolens.nl
Kaart
De Eendracht (Drinte)
De Eendracht

De Eendracht is in nôtmûne yn it Drintske doarp Giterfean.

De mûne waard oarspronklik yn 1877 boud as achtkante boppekruier. Dêrby waard materiaal brûkt fan in ôfbrutsen mûne út Nij-Buinen. Nei in brân yn 1904 waard de eardere achtkante houten boppebou ferfongen troch in rûne boppebou. Sûnt 1905 wie de mûne eigendom fan 'e famylje Mulder, dy't de mûne noch lang yn gebrûk hold.

Nei de iuwwikseling rekke de mûne yn it neigean en nei syn dea yn 2004 liet Johannes Mulder de mûne nei oan 'e Mûnestifting Drinte, dy't de mûne yn 2005 restaurearre en mealree makke. Yn 2007 fûn in gruttere restauraasje plak en waard de stiennen ûnderbou fernijd en it binnenwurk en de kape renovearre. By de restauraasje krige ien fan 'e roeden selsswichting; de oare roede hat in âld-hollânsk wjuksysteem. Yn 2008 wie de restauraasje foltôge.

Sûnt de restauraasje is it Drintske Gea eigner fan 'e mûne en ek de byhearrende gebouwen binne harren eigendom. Frijwillige mûnders hâlde De Eendracht draaiend.

De Eendracht is in op in stiennen achtkant steande rûne bakstiennen stellingmûne fan fiif ferdjippings mei in fiif meter hege stelling. De roeden hawwe in flecht fan 19,25 meter. De binnenroede hat selsswichting, wylst de oare roede âld-hollânsk hekwurk hat. De as is fan smei-izer en getten troch De Muinck Keizer út Martenshoek. Boppe yn 'e mûne binne twa koppel mealstiennen dy't op wynkrêft wurkje. It mealwurk ûnder op 'e flier hat in elektryske oandriuwing.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: