Springe nei ynhâld

Blauwe Dobbe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Blauwe Dobbe)
De Blauwe Dobbe, anneks iisbaan, by De Houtigehage

De Blauwe Dobbe is in dobbe yn de gemeente Smellingerlân. De Dobbe leit eastlik fan De Houtigehage by de sportfjilden en is ynrjochte as in tagonklik natuergebiet.

Byld by de Blauwe Dobbe 'Fan twa ien'

De Blauwe Dobbe is in pingoruïne, in oerbliuwsel út de iistiid. Om de Blauwe Dobbe hinne binne restanten út de Hamburchkultuer fûn, dy't tsjutte op in bewenning fan it gebiet fan sa'n 12.000 jier lyn.

By it marke stiet it kluphûs fan de iisferiening 'Fan Twa Ien' fan de plakken Houtigehage en Boelensloane. As it mooglik is, organisearje se hjir fan 1986 ôf in maratontocht mei 50 rûntsjes fan 500 meter.

Ien fan de troch Dam Jaarsma sammele Fryske folksferhalen spilet him ôf by de Blauwe Dobbe yn Houtigehage: Münchhaùsen wie by de Blauwe Dobbe yn Houtigehage. [1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: