Springe nei ynhâld

De 2 Gemeenten

Ut Wikipedy

De Twee Gemeenten, ek wol De 2 Gemeenten, is in sealesintrum en kafee oan de Grousterdyk 1 yn Jirnsum. Fan in herberch mei trochreed waard it letter útwreide ta kafee, bar, ytkafee, restaurant, snackbar, sealesintrum en bar-dancing.

De herberch mei trochreed en stalling waard boud oan de strjitwei Ljouwert-Swol. It stie op de krusing foar it tolhûs oer by de dyk nei it Stasjon Grou-Jirnsum.[1] Omdat it op de grins tusken de gemeenten Idaarderadiel en Raerderhim stie krige it de namme Twee Gemeenten. De herberch waard boud foar de famylje fan de eardere boer Age Postma. Yn 1898 waard de herberch oernommen troch syn soan Eelke Postma. Eelke advertearre mei de slogan “Prachtige Warande aan de Rijksstraatweg”. De Twee Gemeenten krige yn dy tiid grutte bekendheid, benammen trochdat hynsteferiening “Irnsum e.o.” dêr har gearkomsten hie. De plannen fan Eelke om in boppeseal te meitsjen makke hy net mear mei, hy stoar yn 1913.

Syn opfolger Age Bottema wurke de besteande plannen út en joech yn 1914 in bou-opdracht oan Auke van Balen. Yn 1922 waard Tjibbe Bouwhuis kastlein en yn 1927 is Jan J. van Dijk út Bitgum eigener fan De Twee Gemeenten. Hy kaam fan de klaai en waard yn Jirnsum neist kastelein ek jierappelkeapman. Yn de Twadde Wrâldoarloch naam syn skoansoan Kees de Jong de saak oer.
Neidat De Jong emigrearret nei Kanada komt Rienk Leen oant 1961 yn de saak, want dan keapet Klaas de Bruin it kafee. Klaas de Bruin en ek syn opfolger yn 1974 Rienk Bleeker advertearren in soad en hellen populêre popgroepen nei Jirnsum. De dancing luts jongerein fan fier en hein, yn in tiid dat hieltiten mear minsken in eigen auto krigen. Troch de inisjativen krige it kafee in grutte bekendheid as “It Trefpunt fan Fryslân”. Al gau wurdt de boppeseal te lyts en yn maaie 1966 iepent buorman Gerben Hommes van der Goot de nije grutte seal neist de besteande herberch. Rienk Bleeker en syn frou Bonnie soene sawat tweintich jier wenje en wurkje yn De Twee Gemeenten.

Yn april 1994 wurdt Frans Kingma de tsiende eigener, mar hold it bedriuw deselde namme. Yn jannewaris 2005 giene Ricardo Grijpma en Frans Kingma troch mei it bedriuw. Nei 25 jier luts Frans Kingma him werom en waard it bedriuw fuorset troch Ricardo Grijpma en syn partner Jantina Grijpma-Flapper.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: