Daugavpils

Ut Wikipedy
Daugavpils
Flagge Wapen
Polityk
Lân Letlân
Gemeente Stêdsgewest Daugavpils
Sifers
Ynwennertal 95.417 (2016)
Oerflak 72,5 km²
Befolkingstichtens 1317/km²
Hichte 86 - 139 m
Oar
Stifting 1275
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Koördinaten 55° 53´N 26° 32´W
Webside www.daugavpils.lv
Plein foar de Universiteit fan Daugavpils
Daugavpils yn 1912

Daugavpils (Dútsk: Dünaburg; Russysk: Даугавпилс, Борисоглебск; (Borisoglebsk 1656–1667), Двинcк; (Dvinsk 1893–1920); Letgaalsk: Daugpiļs, Litousk: Daugpilis, Poalsk: Dyneburg) is in stêd yn it súdeasten fan Letlân. Mei 109.421 ynwenners (1-1-2005) is it nei Riga de grutste stêd fan it lân. De stêd leit oan de rivier de Westlike Duna, yn it Letsk: Daugava, dêr't de stêd ek neamd is. It is de wichtichste stêd fan it lânsdiel Letgallen (Latgale). De stêd, dy't yn de Twadde Wrâldkriich foar in grut part ferwoaste waard, hat benammen Russyske ynwenners (59% yn 1998, tsjin 14% Letten en 13% Poalen). Daugavpils leit yn de gemeente Daugavpils, mar is dêr gjin part fan. Wol is Daugavpils dêr it bestjoerlik sintrum fan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard yn 1275 foar it earst neamd: yn dat jier bouden de ridders fan de Lyflânske Oarder (ûnderdiel fan de Dútske Oarder) in boarch, de Dünaburg, oan de Daugava. De hjoeddeiske stêd ûntstie yn de 16e iuw, tweintich kilometer fierderop, neidat de oarspronklike delsetting ferwoaste wie. Yn 1582 krige Dünaburg stedsrjochten. Letgallen hearde yn dy perioade oant it Poalsk-Litouske Gemenebest. Under de Poalsk-Russyske Kriich (1654-1667) kaam de stêd ûnder Russysk bewâld, en waard werneamd ta Borisoglebsk (Борисоглебск) (16561667). Nei it Bestân fan Androesovo kaam it wer by Poalen. Yn 1772 kaam Letgallen yn it ramt fan de Poalske Ferpartings oan tsaristysk Ruslân, dat it yn 1811 fersterke mei in festing. Tegearre mei de rest fan Letgallen foel de stêd ûnder it Gûvernemint Polotsk, dochs yn 1802 weryndield ta Gûvernemint Vitebsk. Yn 1893 waard de namme feroare ta Dvinsk.
De stêd lei sawol yn de Earste as yn de Twadde Wrâldkriich yn de frontliny en waard yn beide krigen swier skansearre. Yn desimber 1919 fersloegen Poalske en Letske troepen dêr it Reade Leger, wêrmei in wichtige stap set waard nei de Letske ûnôfhinklikheid, dy't yn 1920 in feit waard. De ta Daugavpils werneamde stêd hearde sûnt dan ta Letlân.
Yn it Molotov-Ribbentroppakt yn 1939 tusken Dútslân en de Sowjet-Uny wie it ûnôfhinklike Letlân tawiisd ta de ynfloedsfear fan de Sowjet-Uny. Yn juny 1940 besette it Reade Leger Letlân, yn augustus 1940 waard it in dielrepublyk fan de Sowjet-Uny. Yn 1941 waard de stêd troch Dútske troepen ynnommen, wêrop sy har grutte joadske mienskip omtrint hielendal ferlear. Sûnt 1945, doe't de stêd by de Letske Sosjalistyske Sowjetrepublyk hearde, is it tal net-Letten yn de befolking fierder tanommen. De stêd ûndergie in grutskalige yndustrialisaasje. Njonken in grutte joadske mienskip, dêr't ûnder mear de skilder Mark Rothko (1903-1970) grutbrocht waard, koe Daugavpils tradisjoneel ek soad Poalske ynwenners. Ien fan harren wie de komponist Grzegorz Fitelberg (1879-1953). Yn 1998 wie 13% fan de ynwenners fan Daugavpils Poalsk. It oantal joaden is noch allinne 600. In soad fan de Russyske ynwenners fan de stêd hearre ta de mienskip fan de âldleauwigen, dy hjir trije tsjerken hawwe. Sy kamen fanôf de 17de iuw nei de stêd. Yn 1953 anneksearre Daugavpils it op de lofterwâl fan de Daugava lizzende stedsje Grīva, dat histoarysk net by Letgallen, mar by Seelje (Hartochdom Koerlân en Semgallen) hearde. Nei de twadde ûnôfhinklikheid fan Letlân yn 1991 namen de sosio-ekonomyske problemen ta; der wie mear wurkleazens en der wiene mear drugsferslaafden. Hoewol it de twadde stêd fan Letlân is wurdt it troch it regear yn Riga fanwege syn sterk Russyske karakter en grut persintaazje ynwenners sûnder steatsburgerskip foar in grut part net nei omsjoen.

Stêdsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It symboal fan de stêd is de grutte, ier njoggentjinde-iuwske Russyske festing (cietoksnis), dy goed bewarre bleaun is. Oa de râne fan de wyk Jaunbūve, dy ryk is oan houten huzen, stean in luterske, in roomsk-katolike, in Russysk-Ortodokse en in âldleauwigentsjerke flak by inoar. It Hûs fan de Ienheid (Vienības nams, ûntwurpen troch Verners Vitands) wie doe't it yn 1937 reekaam de earste heechbou yn de Letske republyk. It sintrum hat in unyk stêdsbyld fan âlde en klassike 19e-iuwske arsjitektuer.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tsjerke fan de Unbeflekte Unfinzenis

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]