Dark web
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
It dark web ('tsjuster web') is in ûnderdiel fan it wrâldwide web dat net streekrjocht te finen is foar de sykmasines.
Mar in part fan alle websiden dy't har op it web befine, kin fûn wurde troch sykrobots. Neist dy yndeksearre websiden binne der nammentlik ek websiden dy't net yndeksearre binne, mar wol streekrjocht tagonklik binne salang't de eksakte url witten is. It kin hjir gean oer gefoelige ynformaasje of bygelyks oerheidsdokuminten, dêr 't men fan wol dat se net maklik te finen binne foar lju sûnder foech. Dizze websites dy 't net yndisearre binne, binne yn it saneamde deep web. It dark web is dêr in ûnderdiel fan, allinnich is dit part fan it web net streekrjocht tagonklik. Der is spesjale software needsaaklik dy 't de brûker anonimiteit jaan moat, lykas Tor, 12P of Freenet.
De measte aktiviteiten en ynformaasje op it dark web draaie om yllegale hannel fan guod en tsjinsten, mar net alle. [1] Mei it dark web kinne bygelyks ek sjoernalisten, minskerjochte-aktivisten, dissidinten en kloklieders anonym bliuwe at sy harren wurk útfiere.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|