Springe nei ynhâld

Daggering

Ut Wikipedy

Daggering is in tige seksueel eksplisite dûnsfoarm wêrby't in dûnspearke ticht tsjininoar oan dûnset, de frou mei de rêch nei har manlike dûnspartner ta posysjonearre is, en hja beiden harren ûnderlichems fûleindich tsjininoar oar rame, yn imitaasje fan seksuële mienskip yn 'e doggie-style-posysje of mooglik fan anogenitale koïtus. Teffens wurde der gauris stealtsjes fan akrobatyk by útfierd, lykas wannear't ien fan 'e dûnspartners fan in hichte ôf omleech springt op 'e oare en dan in oerdreaune foarm fan sabeare mienskip mei him of har útbyldet.

De bekendere, minder eksplisite foarm fan daggering wurdt fan skuorjen of skjirjen neamd. Beide fine nei gedachten harren oarsprong yn 'e Dominikaanske dûns perreo (letterlik: "op syn hûntsjes", fan it Spaanske perro, dat fan "hûn" betsjut). Daggering is ôfkomstich fan Jamaika, dêr't it al jierren yn 'e nachtklubs dien wurdt en almar populêrder wurdt. Dat hat it Jamaikaansk regear der yn 2009 ta oanset om alle nûmers en fideoklips wêryn't daggering of oar ekplisyt seksueel hâlden en dragen te sjen of te hearren is, fan radio en tillefyzje te warjen. Wylst de sjongers en dûnsers alhiel op ien ein binne en sizze dat harren rjocht fan frije mieningsutering beheind wurdt, warskôgje Jamaikaanske dokters derfoar om 'e oerdreaune bewegings fan daggering net nei te dwaan as men echt seks bedriuwt, mei't dat dramatyske ferwûnings ta gefolch hawwe kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.