Tredde Wyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dadde Wiek)

De Tredde Wyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Dadde Wiek) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De Tredde Wyk rint neist de wei fan Appelskea nei Ravenswâld.

De wiken yn dit gebiet rinne oer it generaal noardeast-súdwest, de krúswiken steane dêr heaksk op, en rinne súdeast-noardwest.

De namme Dadde Wiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Derde Wijk.