Springe nei ynhâld

Dit is Friesland

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan DIF)

Dit is Friesland ôfkoarte Dif wie in moanneblêd yn magazinefoarm dat sûnt mids 1971 útjûn waard troch de Stifting Dit is Friesland.

Yn it blêd ferskynden Nederlânsktallige eftergrûnartikels oer ûntwikkelingen yn Fryslân. De artikels waarden skreaun troch ûnder mear Pieter Terpstra, Harry Drost, Hugo Kingmans en Sytze Faber. Fierders wie der in moanne-aginda yn opnomd fan de Fryske VVV. Yn 1972 waard teffens De Strikel yn Dif opnomd. It blêd waard yn 1972 nei 8 nûmers opheft, neidat it provinsjaal bestjoer in mooglikheid ta fierdere subsidiearring fersmiten hie.

Mei in tal eardere meiwurkers fan DIF en ûnder lieding fan skriuwer Pieter Terpstra waard yn 1974 in trochstart makke ûnder de namme Friesland Post. Fan begjin ôf oan wiene ek Hannah Ludwig, Harrie Ernst en Johan Witteveen fêste meiwurkers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]