Springe nei ynhâld

Flensburchregear

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dönitz-regear)
23 maaie 1945: De Britten nimme Dönitz, Jold en Speer fêst
Nazy-Dútslân, begjin maaie 1945

It Flensburchregear, ek wol it Regear Dönitz as Regear Flensburch neamd, wie it ynternasjonaal net-erkende regear yn de lêste dagen fan Nazy-Dútslân.

1 maaie 1945 krige de Dútske grutadmiraal Karl Dönitz in telegram dêr't yn stie dat hy troch de Adolf Hitler as rykspresidint beneamd wie. Hitler hie himsels op 30 april 1945 tekoart dien mei in kapsule syaankaly en in kûgel. Nettsjinsteande it politike testamint fan Hitler wie Dönitz syn posysje as rykspresidint strich, om't hy beneamd waard sûnder dat der ferkiezings plakfûnen.

Under it regear Dönitz waard de folsleine kapitulaasje fan it Dútske leger ûndertekene. De leden fan it regear waarden op 23 maaie 1945 troch de alliearden fêstnommen. Hitler joech yn syn politike testamint de opdracht oan Dönitz om de oarloch 'mei alle middelen fierder te fieren'. Mei it tekenjen fan de militêre kapitulaasje op 7 maaie 1945 hie it regear Dönitz winliken gjin funksje mear.

De Kolonel-Generaal Alfred Jodl wie de heechste man fan it Dútske leger (Wehrmacht) en fertsjintwurdige Dönitz by de ûnderhannelings mei de alliearden yn Frankryk. Fjildmaarskalk Wilhelm Keitel fertsjintwurdige Dönitz yn de ûnderhannelings mei it Reade leger yn Berlyn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]