Cybersex

Ut Wikipedy

Cybersex, kompjûterseks of netseks is it firtueel seksueel kontakt op ôfstân fia in kompjûternetwurk dêr't immen mei in oar seksuele belibbingen by útwikselt. It is in beskate foarm fan in rollenspul wêr meidoggers besykje in relaasje lykas yn de echte wrâld oan te gean. Hja dogge soks troch it beskriuwen fan harren aksjes nei de oar ta. En sa yn in firtueel petear inoar seksueel te befredigjen. By guon fan dy firtuele petearen masturbearret it yndividu; by guon firtuele petearen wurdt de web-kamera brûkt. It leit hielendal oan de fantasij fan 'e meidoggers, dy't besykje bylden yn inoars harsens te ynterpretearjen. Ynbylding en fleksibiliteit fan it ferlies fan realiteit binne hiel wichtich.

Cyberseks kin ferdield wurde yn twa kategoryen:

  • Groep 1 dy't troch yn geografyske ôfstân fan inoar skieden binne.
  • Groep 2 is in groep mei seksueel ferlangen, dy't besykje harrensels op it ynternet te befredigjen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]