Country Music Association Award

Ut Wikipedy
Country Music Association Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar countrymuzyk
útrikt troch Country Music Association
frekwinsje 1x jiers
plak Nashville (Tennessee)
ynsteld 1968
1e útrikking 1968
offisjele webside
www.cmaawards.com

De Country Music Association Awards of CMA Awards (net te betiizjen mei de ACM Awards) binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier yn Nashville, yn 'e steat Tennessee, útrikt wurde troch de Country Music Association (CMA) foar de bêste wurken op it mêd fan 'e countrymuzyk fan it foargeande jier. De earste útrikking fûn plak yn 1967. Fan 1968 oant en mei 1971 waard de útrikkingsseremoanje útstjoerd troch de Amerikaanske stjoerder NBC; fan 1972 oant en mei 2005 troch ABC, en fanôf 2006 troch CBS. Jierrenlang waard de seremoanje holden yn 'e ferneamde Grand Ole Opry, yn Nashville (1967-2004), mar fan 2006 wurdt dat dien yn 'e Nashvilske Bridgestone Arena. Yn 2005 waard de útrikking foar de iennichste kear net yn Nashville holden, mar yn New York, yn Madison Square Garden.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De CMA Awards wurde útrikt op grûn fan in stimming ûnder de leden fan 'e Country Music Association. Der binne 13 ûnderskate kategoryen foar artysten:

  • artyst fan it jier
  • sjonger fan it jier
  • sjongster fan it jier
  • nije artyst fan it jier (oant 2008 de "hoarizonpriis")
  • sanggroep fan it jier
  • sangduo fan it jier (sûnt 1970)
  • liet fan it jier
  • single fan it jier
  • album fan it jier
  • muzykbarren fan it jier (foar tydlike gearwurking tusken solo-artysten; sûnt 1988)
  • fideoklip fan it jier (sûnt 1985)
  • muzikant fan it jier
  • oeuvrepriis (sûnt 2012)

Fierders binne der njoggen kategoryen foar discjockeys en presintators fan countrymuzykprogramma's:

  • radiostasjon fan it jier (ferdield oer 4 subkategoryen oangeande grutte en merkoandiel)
  • presintator fan it jier (ferdield oer 4 subkategoryen oangeande grutte en merkoandiel)
  • nasjonale presintator fan it jier

Alle CMA Award-winners steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.