Springe nei ynhâld

SARS-CoV-2

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Coronavirus)
In yllustraasje fan it SARS-CoV-2-firus.

SARS-CoV-2, somtiden oantsjutten as it COVID-19-firus en earder bekend as 2019-nCoV[1], is in firus dat de longsykte COVID-19 by minsken feroarsaket.[2]

It firus waard foar it earst rapporteare op 30 desimber 2019 yn Wuhan, de haadstêd fan 'e Sineeske provinsje Hubei[3]. By it útbrekken yn 2019 en begjin 2020 wiene de earste pasjinten foaral besikers en meiwurkers fan 'e Huanan-fiskmerk yn Wuhan. Fanwegen dit waard al gau oannommen dat it firus in soönotyske oarsprong hat.

Dit firus heart ta de famylje fan koroana/coronafirussen. Dizze wurde ta de positive ienstrengige RNA-firussen rekkene en wurde sa neamd fanwege de "kroan" ("corona" is Latyn foar "kroan") om 'e losse firuspartikels. It genoom fan SARS-CoV-2 hat in lingte fan 29.903 nukleotiden en bestiet út ferskate genen dy't kodearje foar de proteïnen wêrút it firus opboud is.[4]

Sân fan 'e bekende koroana/coronafirussen binne yn steat minsken te ynfektearjen. De symptomen fariearje fan in ienfâldige kjeld oant earnstiger omstannichheden lykas MERS en SARS. SARS-CoV-2 is op grûn fan de genetyske oerienkomsten as in SARS-relatearre corona/koroanafirus klassifisearre, wat net betsjut dat COVID-19 deselde sykte is as SARS: it gemiddelde ferrin en de kontaminaasjegraad wike ôf.

By it ferlykjen fan it genoom fan dit firus mei oare bekende firussen, waard in oerienkomst fan 80% mei SARS-CoV fûn en in oerienkomst fan 96% mei corona/koroanafirussen dy't yn flearmûzen fûn waarden. In rekonstruksje fan 'e filogenetyske stambeam fan it firusgenoom makke it plausibel dat it firus gjin lange skiednis hat yn minsklike gasthearen foardat it yn Wuhan ferskynde. De earste oerdracht oan minsken fûn wierskynlik yn novimber as desimber 2019 plak.

Tidens de pandemy ferwiisden minsken faak nei it firus as "it koroana/coronafirus", hoewol't dizze namme eins in folle bredere groep firussoarten oantsjut.

Yn it begjin hie it firus gjin eigen namme. Yn it begjin waard it firus dus gewoan oantsjut as in "nij koroana/coronafirus", yn it Ingelsk in "novel coronavirus". Mei it jier fan ûntdekking waard dit ynkoarte ta 2019-nCoV of nCoV-2019.

Presidint Donald Trump fan de Feriene Steaten neamde it firus yn maart ferskate kearen "it Sineeske firus", ferwizend nei de geografyske oarsprong. Nettsjinsteande dat in firus of sykte yn it ferline wol faker nei in geografyske lokaasje neamd waard (lykas de Meksikaanske gryp of it Ebolafirus), waard Trump út guon hoeken wei bekritisearre. Neffens dizze kritisy soe it beneamen fan de geografyske oarsprong ta stigma, rasisme, en sels fysyk geweld tsjin minsken fan Aziatyske komôf yn 'e FS liede. Trump neamde syn kar fan wurden in ferdigening tsjin falske ynformaasje fan Sina as soe it Amerikaanske leger achter de útbraak sitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.biorxiv.org/content/10.1101/2020.02.07.937862v1
  2. WHO noemt ziekte die coronavirus veroorzaakt COVID-19, www.nu.nl, 11 febrewaris 2020
  3. Coronavirus: Wuhan doctor speaks out against authorities, The Guardian, riedplege op 25 maart 2020
  4. Severe acute respiratory syndrome coronavirus 2 isolate Wuhan-Hu-1, complete genome (komplete genetyske koade fan it firus); hjir (ynteraktive genekaart), beide op de NCBI GenBank.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.