Constantin Brâncuşi
Appearance
Constantin Brâncuşi (Hobiţa, Gorj, 21 febrewaris 1876 – Parys, 16 maart 1957) wie in ferneamd Roemeensk byldhouwer.
Brâncuşi studearre yn Craiova en Bûkarest yn Roemeenje en fan 1904 ôf yn Parys.
Yn syn byldhouwurken waarden alle oerstallige eleminten fuortlitten, wat soarge foar in hiel eigen en dúdlike styl. Dizze styl wurdt ek wol Minimalisme neamd.
Brâncuşi wurke it meast mei stien, yn die tiid troch byldhouwers net in soad brûkt, fierders ek mei hout, brûns en moarmer.
Ferneamde wurken:
- It Aai (te sjen yn it Kröller-Müller Museum)
- De Pylder sûnder Ein
- Fûgel yn de Loft
-
Portret fan Mlle Pogany, 1912
-
Fisk